Tin iis
-
AuteurTiny Mulder
- UitgeverijNije Bibliotheek
- Jaar-
Tin iis is in roman fan Tiny Mulder, foar it earst ferskynd yn 1981. It ferhaal spilet yn 1942 en folget Klaske Jagersma, in famke fan fjirtjin jier. Har âldere suster Dineke sit yn it ferset en stadichoan rekket Klaske dêr ek by belutsen. Tagelyk iepenet de famylje Jagersma har hûs foar ûnderdûkers, ûnder wa it joadske famke Anneke.
Tiny Mulder (1921-2010) wie sjoernalist en literêr kritikus en skreau gedichten, berneboeken, ferhalen en twa romans. Yn 1986 krige se de Gysbert Japicxpriis. Yn har biografy Foar alles is in tiid út 2006 fertelt se dat se har lilk makke oer it feit dat de rol fan de frou yn de oarloch nei 1945 ûnderbeljochte bleau; Tin iis wie ek bedoeld om dêr wat oan te feroarjen. De skriuwster makke sels in Hollânske oersetting, Gevaarlijk ijs.
Dizze roman heart ta de meast wurdearre boeken út de Fryske literatuer en is skreaun foar jongerein dy't de besetting net meimakke hat.
Voor wie: Jongerein en folwoeksenen dy't ynteressearre binne yn de Fryske literatuer en ferhalen oer de Twadde Wrâldoarloch.





